Bart Helmholt ljept lêste wedstryd yn Burgum

Bart Helmholt nimt sneon ôfskied fan it fierljeppen. De 34-jierrige Burgumer komt dan yn aksje by de finale om de nasjonale fierljepkompetysje yn syn eigen wenplak. Helmholt wûn dit jier al it NK, en stiet nei trije fan de fjouwer duels no ek oan kop yn de nasjonale kompetysje. Syn grutste winsk is om ien kear oer de 22 meter te ljeppen. It rekôr stiet no op 21.64 meter, ek op namme fan Helmholt.
De organisaasje ferwachtet in soad ekstra publyk yn Burgum by it lêste keunstje fan Helmholt. De wedstriid begjint sneon om healwei trijen.