Amelanner bern meitsje sânkastielen foar ûnderwiisprojekt

09 sep 2016 - 11:56

Om bern dúdlik te meitsjen hoe wichtich diken binne, hawwe mear as hûndert bern op It Amelân freedtemoarn massaal sânkastielen makke op it strân. It spannende is dan hoelang't de kastielen stean bliuwe as it wetter opkomt. Dizze strânles heart by in ûnderwiisprojekt fan Wetterskip Fryslân.

In oar doel is om de bern entûsjast te meitsjen foar de wetterbou, want ek dêrfoar binne yn de takomst nije minsken nedich. It kastiel fan OBS t Ienster út Ballum bleau it langste stean en se krigen in beker mei nei skoalle.

 

A video posted by Hayo Bootsma (@hayo.bootsma) on

Trefwurden: 
It Amelân strân sânkastiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)