De Hoop yn Warkum is moaiste monumint fan Súdwest-Fryslân

09 sep 2016 - 11:23

Skipstimmerwerf De Hoop yn Warkum is útroppen ta moaiste monumint fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Fia Facebook koene minsken har stim útbringe. De Wetterpoarte fan Snits gie lange tiid oan kop, mar De Hoop krige úteinlik de measte stimmen. De gemeente hie sels in foarseleksje makke fan tweintich monuminten. De Wetterpoarte is op it twadde plak einige, folge troch it stedhûs fan Boalsert.

Der binne 439 stimmen útbrocht. De skipstimmerwerf yn Warkum krijt yn 2018 ekstra omtinken fan de gemeente, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd.

Trefwurden: 
De Hoop Warkum monumint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)