Stellerij yn kleanwinkel: plysje siket tsjûgen

09 sep 2016 - 10:08

De plysje siket nei tsjûgen fan stellerij út in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert. De manager fan in kleanwinkel dêr seach yn it kantoar in ûnbekende man. De doar nei it dakterras stie iepen. De man sei dat er dwaande mei wurksumheden oan it dakterras. Omdat de meiwurker it net fertroude, rûn er mei de man nei de bedriuwsbus dy't foar de winkel stie.

De fertochte naaide lykwols út. It die bliken dat er út it kantoar jild en in mobile telefoan fan meardere personielsleden meinaam hie. De plysje hat noch nei de man socht, mar koe him net mear fine. It personiel hat oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)