Plysje hâldt Ljouwerter ynbrekker oan

09 sep 2016 - 08:42

De plysje hat tongersdei in 29-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden. Op kamerabylden wie te sjen dat de man in kontener iepenbruts op it bouplak by de Súdlannen by Ljouwert. Doe't de plysje der hinne gien, kaam der in auto har kant op. By kontrôle die bliken dat der yn de auto guod lei dat mooglik fan it bouterrein kaam.

De Ljouwerter is oppakt. De auto dêr't er yn ried, wie stellen. De kentekenplaten wiene ferfongen en de man hie gjin jildich rydbewiis. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)