Kollum: ''De iPhone 7''

09 sep 2016 - 08:31

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

''De kûgel is troch de tsjerke: der sit gjin oansluting foar in koptelefoan mear op de nijste iPhone, de iPhone 7. Hjoed kinst 'm yn Nederlân bestelle. Woansdei waard der oankundige yn de VS, yn wer sa’n typyske Apple-presintaasje. Apple: 'It’s the best iPhone that we have ever created!' En de alderbêste iPhone dy’t se ea makke ha, krekt as alle foarige tsien.

Gjin koptelefoan oansluting. Dus net mear dat gat fan 3,5 milimeter; dy oansluting dy’t hast op alles sit dat ek mar in bytsje mei audio te krijen hat. Der waard al moannen oer praat. In nije iPhone, it sil wol, mar gjin audio-oansluting! Dat is wat. Wêrom docht Apple dit. Harkje even nei harren argumint… Apple: 'It really comes down to one word. Courage. The courage to move on, do something new, that betters all of us.''

Moed, it lef om it te dwaan. En it ding siet ek yn it paad, foar ekstra lûde speakers, sadatst elkenien op fol folume heare litte kinst datst de iPhone 7 hast. En it is 150 jier âlde technyk, seit Apple. De audio kin no digitaal út de iPhone komme, en dat liket harren better.

Ik moat sizze dat ik Apple noch nea mei lûd of lûdskwaliteit assosjearre ha. Se ferkochten jierrenlang MP3’s yn de Apple Store mei echt blabbere kwaliteit. De earste eardopkes fan ipod’s en iPhones hiene in beroerde ergonomy: jo hearden neat mei die dingen. En twa jier lyn kochten se Beats, dy't hiele djoere koptelefoanen meitsje, dy’t eigentlik allinnich geskikt binne foar hiphop. Blykt ek út in hiel soad tests. Nee, foar audio moasten jo nea by Apple wêze.

Apple: 'So we also made this. It’s an adapter: lightning to mini-phono-audio adapter.' Ja, de koptelefoan dy'tsto no hast kin noch al oansluten, mar dan mei: in ferrinkabel. In ferrin fan de lightningstekker nei de 3,5 millimeterplug krijst by de telefoan. Dit binne dus it soarte fan kabels dat ik net by my ha as ik se nedich ha, ôf kwyt reitsje.

Apple hat d’r in hantsje fan om stekkers en oanslutingen ien kear yn de safolle tiid te feroarjen. De oplader fan myn âlde Apple-laptop paste nea op de nije. USB-poorten helje se der út, en se wiene ek de earste dy’t d’r gjin CD-drives mear yn stoppen. Resultaat: ik ha foar myn kompjûter twa laadsjes fol mei ferrinkabels, stekkers en oare parafernalia, dy’t trouwens nea goedkeap binne.

Moed? Ja. Tûk? Ja, fan Apple. Ferrekte ûnhandich en djoer foar de konsumint? Sekers, en hielendal yn earste ynstânsje. Dêrnei… wurdt it de standert? Ik moat sizze dat ik it ek wol oantreklik fyn: gjin triedsjes mear. Hoe docht Apple it dan elke kear? Trochdat wij die troep fan Apple mar keapjen bliuwe. Massaal. Hasto 'm al, de iPhone 7?''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)