FNP wol boarchstelling foar gasboarrings by Nij Beets

09 sep 2016 - 09:01

De FNP fraksje yn de gemeente Opsterlân komt moandei mei in moasje oer de gasboarrings troch eksploitant Vermilion by Nij Beets. It giet om in proefboarring, mar neffens de FNP is der in grutte kâns dat der skea ûntstiet oan diken en letter ek oan wenningen.

De partij wol dat it kolleezje ûndersiket as de gemeente no al in boarchstelling freegje kin. De FNP tinkt oan in bedrach fan 10 miljoen euro. Moandei is der in ekstra riedsgearkomste fan de gemeente Opsterlân oer de gasboarring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)