Tyrannosaurus Rex te bewûnderjen yn museum Naturalis

09 sep 2016 - 07:26

Nei jierren fan tarieding is it sneon einlik safier, dan kinne besikers fan museum Naturalis yn Leiden it grutste rôfbist út de skiednis oanskôgje: de Tyrannosaurus Rex. It is de earste kear dat de dinosaurus yn Europa útstald wurdt, oer de hiele wrâld binne dan ek mar tsien skeletten fan de T-Rex fûn. ''Het is een van de meest tot de verbeelding sprekende dinosaurussen, die wil je heel graag hebben'', sa seit paleontolooch Anne Schulp fan Naturalis, dy't berne is yn Snits.

Karnivoar

De Tyrannosaurus Rex wie in enoarme fleisitende dinosaurus, dy't yn it Kryt benammen yn Noard-Amearika foarkaam. Schulp: ''De schedel van de T-Rex is alleen al anderhalve meter. In totaal is de dinosaurus meer dan twaalf meter lang. Hij was zo groot als een bus, maar dan op twee poten. Met in zijn bek een rij enorme scherpe tanden. Hij was de baas van het dinosaurus-tijdperk.''

Skelet is hiel kompleet

De opgraving ferrûn neffens de paleontolooch frij ienfâldich. Yn in pear wiken wienen alle trijehûndert botten fan de dinosaurus opgroeven. Doe moast it skelet noch assemblearre wurde. ''In het begin was het een grote puzzel. Er is van tevoren een hele constructie gemaakt. Vervolgens zijn alle botten op de juiste plaats gezet. De dinosaurus is heel compleet aangetroffen. Er missen slechts een paar dingen: een puntje van de staart en een paar klauwen.''

Soad belangstelling

De Tyrannosaurs Rex is fan sneon ôf te bewûnderjen yn museum Naturalis yn Leiden. Fanwege de grutte belangstelling foar de dinosaurus, kinne besikers it bêste fan it foar online in plakje reservearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)