Kommissaris Jorritsma nimt foar lêste kear ôfskied

08 sep 2016 - 22:06

Foar kommissaris fan de Kening John Jorritsma is tongersdei in ein kommen oan in wike fan ôfskied nimmen. Jûns wie der yn De Harmonie yn Ljouwert foar elkien dy't dat woe gelegenheid om ôfskie te nimmen. Middeis kamen sa'n 400 minsken op útnûging nei yn byienkomst, folge troch in resepsje en diner. 

Under harren de Fryske boargemasters dy't elk fiif boargers meinimme mochten. Sy krigen in programma fol muzyk te sjen mei optredens fan ûnder oare De Kast, Iris Kroes, Piter Wilkens, it Frysk Jeugdorkest en twa koaren.

Rients Gratama soe yn earste ynstânsje ek in bydrage leverje, mar moast him weromlûke fanwegen syn kwetsbere sûnens. Jorritsma kaam sels as lêste oan it wurd yn wat neffens him syn 684e taspraak wie as kommissaris fan de Kening. De ôfrûne wike wie foar Jorritsma in 'wike fol pikefel', sa sei er.

Sânde ôfskiedsbyienkomst

De kommissaris naam earder ek al ôfskied fan Provinsjale Steaten, syn direkte meiwurkers, de deputearren, de Fryske boargemasters, syn kollega-kommissarissen fan de Kening en de provinsjale amtners. It wie mei-inoar syn sânde ôfskiedsbyienkomst. Jorritsma hat Fryslân mei in soad nocht tsjinne, sa sei er en sil him altiten in Fries en in Boalserter fielen bliuwe.

Jorritsma wurdt nije wike tiisdei ynstallearre as boargemaster fan Eindhoven. Frou Leemhuis-Stout begjint nije wike by de provinsje Fryslân as waarnimmend kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)