Brûnzen medalje foar Alyda Norbruis by Paralympyske Spelen

08 sep 2016 - 21:38

Baanhurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat brûns wûn op de 3.000 meter achterfolging by de Paralympyske Spelen yn Rio. Se wie yn de striid om de brûnzen medalje te sterk foar Sini Zeng út Sina. De 27-jierrige Norbruis ried in Paralympysk rekôr yn har klasse: 4.10.654. It is de earste medalje foar Nederlân by dizze edysje fan de Paralympyske Spelen.

Earder tongersdei waard Norbruis tredde yn de kwalifikaasje, wêrmei't se har pleatste foar de striid om it tredde plak. Se rûn de finale op twa tsienden fan in sekonde mis.

It goud wie foar Megan Giglia út Grut-Brittannië. Jamie Whitmore út Amearika wûn it sulver.

Alyda Norbruis komt letter dit toernooi ek noch yn aksje op de 500 meter tiidrit op de baan, de tiidrit op de wei en de weiwedstriid. 

Famylje

De famylje fan Alyda seach thús yn Oerterp nei de wedstriid. Mei de hiele famylje sieten se foar de livestream. "Wy binne o sa bliid en grutsk", sa Anna Boersma, de mem fan Alyda. Nei ôfrin waard der op it súkses fan Alyda in gleske dronken.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)