Hallum wol jild fan provinsje yn striid tsjin krimp

08 sep 2016 - 21:03
  • It Trefpunt yn Hallum

Hallum giet de striid oan tsjin de krimp. In spesjale wurkgroep hat plannen betocht om it doarp leefber te hâlden. Sa wurde alle foarsjenningen lykas de sportferieningen, it doarpshûs en it swimbad byelkoar brocht. Yn totaal kostje de plannen 1,5 miljoen euro en der is noch in tekoart fan in heal miljoen.

Om de provinsje safier te krijen om dat bedrach te jaan, nûge Hallum tongersdei ferskate steateleden út yn multyfunksjoneel sintrum It Trefpunt. Dêr krigen se útlis oer wat Hallum dwaan moat om de takomst yn te kinnen.

As der neat bart, rint it doarp leech, sa tinkt de wurkgroep mei de namme Hallum Bruisend Hart.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)