Auto fljocht oer fangrail op A7 by Fryske Peallen

08 sep 2016 - 20:38

In autobestjoerder is tongersdeitejûn oer de kop gien op de A7 tusken Marum en Fryske Peallen. Troch noch ûnbekende oarsaak fleach de auto oer de fangrail it strewelleguod yn. De helptsjinsten binne útriden en ferliene earste help.

It is noch net bekend oft de ynsittenden fan de auto ferwûne rekken binne. De auto hat troch it ûngelok flinke skea oprûn. It ferkear op de A7 tusken Marum en Fryske Peallen moast rekken hâlde mei fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)