Blokkade Greenpeace foarby, skip by Skier kin fierder

08 sep 2016 - 20:28

De blokkade-aksje fan Greenpeace yn de Eemshaven is foarby. Aktivisten hawwe in etmiel lang foarkaam dat in skip in partij koalen losse koe foar de nije sintrale fan enerzjybedriuw Essent. It skip lei dêrtroch in skoft by Skiermûntseach te wachtsjen.

De aksjefierders hiene harsels fêstbûn oan in tou tusken twa wynmûnen by de haven. Ek hong der in spandoek oan it tou mei de tekst 'Coal, gone with the wind'. De plysje en de havenmaster hiene drige dat se yngripe soene as de aksje net beëinige wurde soe. 

Greenpeace hat doe sels de blokkade-aksje beëinige. "Langer doorgaan was niet verantwoord in verband met de veiligheid van onze actievoerders", sei in wurdfierder fan de miljeu-organisaasje. Der hoegden gjin aksjefierders oanhâlden te wurden.

Greenpeace wol dat de koalesintrale sa gau mooglik sletten wurdt. It koaleskip wie op de hichte brocht fan de aksje. De demonstranten binne de twa nije direkteuren fan Greenpeace en in frijwilliger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)