UNIS Flyers kin no oer tweintich iishockeyers beskikke

08 sep 2016 - 20:16

De seleksje fan de UNIS Flyers foar it kommende iishockeyseizoen is yn prinsipe rûn. Tongersdei waard dúdlik dat it kontrakt fan Brent Janssen mei in jier ferlinge is. Dêrmei bestiet de seleksje fan de Feanster iishockeyers út tweintich spilers.

Foarsitter Henk Hoekstra lit witte dat de klup noch wol wat dwaan kin, mar dat it team no kompleet liket. It grutste part fan de seleksje is yntakt bleaun. Njonken Janssen bliuwe bygelyks ek Ronald Wurm, Marco Postma en Tony Demelinne. 

De Kanadees Harry Matheson is fuort, mar dêrfoar is syn lângenoat Cory MacIntosh yn 'e plak kaam.

Nije wike sneon spylje de iishockeyers fan de UNIS Flyers de earste wedstriid yn de Ljouwerter Elfstedenhal. Om't Thialf ferboud wurdt, moatte de Flyers oant en mei de earste thúswedstriid fan de kompetysje yn de Ljouwerter hal spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)