Cambuur-fans lilk op Ljouwerter amtners yn Hearrenfean-bus

© arrivatouring.nl
Guon Cambuur-supporters yn Ljouwert binne net te sprekken oer de bus dêr't in groep Ljouwerter amtners tongersdei in personielsútstapke yn makken. Se sieten nammentlik yn in spilersbus fan SC Hearrenfean.
Op Twitter sprekke in oantal supporters fan Cambuur der skande fan dat de Ljouwerter amtners in bus fan de ierdsfijân keazen hawwe foar it reiske.