SC Cambuur kin nije oanwinst Schilder noch net ynsette

08 sep 2016 - 18:45
  • It fuotbalfjild van SC Cambuur

SC Cambuur moat it yn de thúswedstriid tsjin Almere City noch stelle sûnder de nije oanwinst Robbert Schilder. De middenfjilder dy't oernaam waard fan FC Twente, is noch net wedstriidfit.

De Ljouwerters krigen der de ôfrûne wike noch twa oare nije gesichten by. Middenfjilder Danny Bakker kaam oer fan Jong Ajax. Ricardo Kip waard oan Cambuur ferhierd troch it Ingelske Fleedwood Town. Kip (24) spile ôfrûne seizoen noch foar Almere City en makke doe mar leafst 15 doelpunten. 

Nei alle gedachten sil Kip net yn de basis begjinne, al soenen der wol "accenten" oars wurde kinne op it middenfjild, sa sei trainer Rob Maas.

Wikseljende start

SC Cambuur belibbet in wikseljende kompetysjestart yn de Jupiler Leauge. De ploech spile twa kear lyk, ferlear twa kear en pakte allinnich tsjin FC Dordrecht (0-1) de trije punten. Almere City stiet op it 14e plak yn de kompetysje mei fjouwer punten út fiif wedstriden. Ien plakje leger as Cambuur, dat 13e stiet.

Opfallend is dat SC Cambuur mei fiif doelpunten ien fan de minst skoarende ploegen út de Jupiler Leauge is. Ta fergeliking, Jong Ajax makke der al 14. Dêr stiet tsjinoer dat de ploech fan Rob Maas ek ien fan de minst passearre ferdigening hat, se krigen mar fiif treffers tsjin, FC Den Bosch bygelyks al 16 doelpunten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)