Loftmacht oefenet wer mei bommen op Vliehors

08 sep 2016 - 18:23
  • It militêr oefenterrein Vliehors op Flylân

De loftmacht oefenet ein dizze moanne en yn oktober wer mei it ôfsmiten fan bommen op de Vliehors op Flylân. It giet om 500-pûners. De trainingen mei de F-16's binne troch de wike, moarns en middeis. Neffens Definsje is it wichtich om it ôfsmiten fan bommen te oefenjen, ûnder oare fanwegen de ynset fan Nederlânske jachtfleantugen by bûtenlânske misjes.

Under de oefeningen is de Vliehors ôfsletten foar publyk. It gebiet is markearre mei warskôgingsbuorden en reade flaggen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)