Spoarfytstrajekt tusken Stiens en Jelsum fan 'e baan

08 sep 2016 - 17:45
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

Tusken Stiens en Jelsum komt definityf gjin spoarfytstrajekt. De Noord-Friesche Lokaalspoorwegmaatschappij hat dêr al jierren plannen foar, mar de gemeente Ljouwerteradiel sjocht der neat yn. De gemeente wol der sels in fyts- en kuierpaad oanlizze.

De inisjatyfnimmer skeakele de Ried fan Steat yn, mar dy hat oardiele dat it spoarfytsplan gjin kâns fan slagjen hat. Neffens de ried hat it gjin doel om in fergunning oan te freegjen, omdat de grûn fan de gemeente is en dy der net oan meiwurkje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)