Skoalbern siedzje blommen yn 'e bermen by Bitgum

08 sep 2016 - 17:30

Bern fan de Martenaskoalle yn Bitgummole hawwe tongersdeitemoarn blommen siedde yn de berm by Bitgum. Dat diene se mei deputearre Sietske Poepjes. De blommen moatte bijen oanlûke. De provinsje wol sa helpe om foar te kommen dat bijen deagean.

Der binne hieltiten minder blommen en planten en dêr hawwe bijen bot fan te lijen. De provinsje wol safolle mooglik bermen yn Fryslân ynsiedzje mei blomsied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)