Alyda Norbruis net yn finale 3.000 meter efterfolging yn Rio

Alyda Norbruis
Baanhurdfytster Alyda Norbruis hat de finale fan de 3.000 meter efterfolging op de Paralympyske Spelen yn Rio net helle. De Oerterpster sette mei 4.12.03 de tredde tiid del yn de kwalifikaasje. Se kaam dêrmei twatsienden tekoart foar in plak yn de finale.
De tiid fan Norbruis wie wol genôch foar in nij paralympysk rekôr yn de C2-klasse. Yn de striid om de brûnzen medalje nimt se it tongersdeitejûn op tsjin Sini Zeng út Sina.