Kommisje Huzumer skûtsje sit yn finansjeel swier waar

08 sep 2016 - 16:37
  • It Doarp Huzum

De kommisje fan it skûtsje It Doarp Huzum sit yn de finansjele swierrichheden. Dêrtroch is it noch net wis mei hokker skûtsje de Huzumers kommend jier sile sille yn de SKS. De kommisje wol graach farre mei it skûtsje dêr't se sûnt 2013 mei fearn ha, mar dat ha se noch net ôfbetelle.

Der is 75.000 euro nedich en as dat jild der net komt, moatte de Huzumers takom jier mei it âlde Huzumer skûtsje sile. Dat skip sylt op dit stuit ûnder de namme Sinnekening yn de B-klasse fan de IFKS en is formeel noch fan de Huzumers.

De Huzumer kommisje hat al langer jildpine, trochdat in grut part fan de sponsors út de bouwrâld ôfkomstich is. "De ôfrûne jierren gong dêr it iene nei it oare bedriuw fallyt," seit foarsitter Marten Harder fan de Huzumer kommisje. "Mar Huzum docht hoe dan ek takom jier wer mei oan de SKS".

Foar heal oktober moatte de Huzumers it jild byinoar ha. Om dat foar mekoar te krijen, jouwe se obligaasjes út dy't per stik 250 euro kostje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)