NHL wol praktysker en fleksibeler ûnderwiis

08 sep 2016 - 15:22

It ûnderwiis op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) wurdt mear rjochte op de praktyk en fleksibeler. Op dit stuit hat de NHL al sa'n 180 studinten dy't sels stúdzje-ynhâld en -tempo bepale. Direkteur Willem Smink ferwachtet dat dat der de kommende jierren folle mear wurde sille.

Ferbouwing

Troch it opnij ynrjochtsjen fan de stúdzjes wol de NHL it ûnderwiis ynspirearjender meitsje. Smink sei dat tongersdei by de iepening fan it stúdzjejier 2016/2017 fan de NHL. De hegeskoalle hat de simmermoannen brûkt om it gebou oantrekliker te meitsjen. Sa is de âlde kantine ferfongen troch in bedriuwsrestaurant mei in grutter oanbod, binne der mear lounge- en wurkplakken makke en is der ek in ynspiraasjetún oanlein. It oantal studinten fan de NHL is mei sa'n 13.000 frijwol gelyk oan dat fan it ôfrûne jier.

Iepeningsdei

It tema fan de iepeningsdei wie 'It's up to you & me' en stie yn it teken fan ynspiraasje. De dei waard muzikaal ôftrape troch de Handsome Poets. Oanslutend wiene der ynspiraasje-workshops fan ûnder oare wiskundige Ionica Smeets en tiidmanagementgûrû David Allen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)