Ferfolchûndersyk nei deadlik ûngelok mei sylskip yn Harns

08 sep 2016 - 14:55
  • De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden

De Onderzoeksraad voor Veiligheid begjint in ferfolchûndersyk nei it deadlik ûngelok yn Harns troch it ôfbrekken fan de mêst fan it sylskip Amicitia. Dat meldt de ried op Twitter. De Onderzoeksraad sjocht net allinnich nei de oarsaak fan it ûngelok, mar ek nei de sertifisearring fan de histoaryske skippen dy't ferhierd wurde.

Op 21 augustus bruts de foarste mêst fan de Amicitia ôf, krekt bûten de haven fan Harns. Trije Dútsers kamen hjirby om it libben. Se hiene it sylskip mei famylje hierd foar in syltocht. Op de dei fan it ûngelok die de Onderzoeksraad al in earste ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)