Wentoer hat gevel mei 13.000 tegels fan Tichelaar út Makkum

08 sep 2016 - 14:32
  • De wentoer yn Utrecht

Keramykbedriuw Keninklike Tichelaar Makkum hat 13.000 tegels makke foar in wentoer op Kanaleneiland yn Utrecht. Dy binne ferwurke yn de gevel.

Dichter Tsead Bruinja hat yn gearwurking mei byldzjend keunstner Milou van Ham sechtjin ferskate dichtrigels makke foar de wentoer. Dy binne ferspraat oer de tegels. De dichtrigels gean oer freonskippen en relaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)