Tsientûzenste besiker foar museum It Fiskershúske

© It Fiskershúske
Museum It Fiskershúske yn Moddergat hat tongersdei de tsientûzenste besiker wolkom hjitten. Elly Kroet út Leiden krige ûnder oare it boek 'de ramp van Moddergat'. Frou Koet kaam nei it museum om mei oare leden fan skilderferiening De Kameleon út Zoeterwoude-Dorp ynspiraasje op te dwaan foar nij wurk. Se sille dizze wike de Waadsee, de fiskershúskes en Moddergat sels skilderje.
Museum It Fiskershúske is noch iepen oant en mei 31 oktober en yn de krystfakânsje.