Kleanwinkelketen MS Mode makket trochstart

MS Mode yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
De fallite kleanwinkelketen MS Mode makket in trochstart ûnder de âlde eigener. Dêr is tongersdei in akkoart oer berikt. Wat de trochstart betsjut foar it personiel en de winkels is noch net dúdlik. Yn Fryslân binne fjouwer winkels fan MS Mode: yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean.
De kommende tiid wurdt der in ekploitaasjeplan makke. Yn de tuskentiid bliuwe de Nederlânske winkels iepen.