Skea oan Griene Stjer nei Psy-Fi falt ta, gemeente tefreden

De skea oan it rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert troch it Psy-Fi festival falt ta. Neffens de gemeente moat der foar sa'n 1.500 euro wersteld wurde. It giet om gers dat opnij ynsiede wurde moat, ek moat it terrein wer flak makke wurde. Ferline jier wie de skea in stik grutter. Doe moast der foar 65.000 euro opknapt wurde. In wurdfierder fan de gemeente is dan ek mear as tefreden mei hoe't it terrein der no by leit.
De organisaasje fan it Psy-Fi festival sil opdraaie foar de kosten. Neffens Rob Durand fan de organisaasje binne der maatregels naam om de skea te beheinen. "In de voorbereiding hebben we het zwaar materieel op het terrein weten te beperken. Het mooie weer speelt ook een rol."
De kommende wiken sil it gebiet hielendal wersteld wurde.