Postma-Huurman nij riedslid fan GrienLinks Weststellingwerf

© ANP
De fraksje fan GrienLinks yn de gemeenteried fan Weststellingwerf krijt in nij riedslid, Marlene J. Postma-Huurman. Se komt yn it plak fan Ralph de Graaf dy't syn riedssit te beskikking moat stelle om't er nei in oare gemeente giet. De Graaf wie riedslid sûnt 2014.
Postma is rom twa jier lid fan de stipefraksje fan har partij en hat benammen maatskiplike funksjes op it sosjale domein. Hjirneist sil se har dwaande hâlde mei ûnder mear ûnderwiis & sport, doarpen & plattelânsprojekten, plysje & brânwacht en ferkear en ferfier. Postma wennet yn Nijetrine en is ek byldzjend keunstner en erkend blomsierkeunstner.
De wikseling fan de wacht sil wêze yn de iepenbiere riedsgearkomste fan moandei 12 septimber om healwei achten.