Twadde fertochte mishanneling yn Ljouwert oanhâlden

08 sep 2016 - 11:18

De plysje hat woansdei in twadde fertochte oanhâlden foar de swiere mishanneling yn augustus yn de binnenstêd fan Ljouwert. It giet om in 25-jierrige ynwenner fan Ootmarsum yn Oerissel. Earder waard al in 28-jierrige man sûnder fêst wenplak oppakt. Beide manlju mishannelen yn de nacht fan woansdei 10 op tongersdei 11 augustus in 46-jierrige Ljouwerter yn in shoarmasaak oan de Weaze.

It slachtoffer waard meardere kearen yn it gesicht slein. Doe't er op de grûn lei, krige er noch meardere skoppen, ûnder oare tsjin de holle. Ek in meiwurker fan de saak krige klappen. Dêrnei naaiden beide fertochten út. Ien fan har koe deselde nacht noch oanhâlden wurde. De twadde fertochte is no dus ek pakt.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)