Min lêze en skriuwe noch hieltyd probleem yn Fryslân

08 sep 2016 - 08:59

It tal minsken dat min lêze en skriuwe kin, is yn Fryslân behoarlik grut. Fan alle Friezen tusken de 16 en 65 jier, is 13,4 persint leechlettere. Allinnich yn Flevolân en Súd-Hollân leit dat heger, respektyflik 16,2 en 15 persint. It lanlik persintaazje is 12,2 persint. Ien en oar stiet yn in rapport fan it Fryske ûndersyks- en advysburo Partoer. Dat die foar it earst ûndersyk nei de leechletterens yn alle Fryske gemeenten yn opdracht fan de provinsje. Yn Harns waarden tongersdei de resultaten presintearre by in Frysk taalontbijt.

Mear gearwurking

Partoer fynt dat de ferskate partijen mear gearwurkje moatte om wat te dwaan tsjin leechletterens. Der moatte net allinnich lokale aksjes wêze, mar ek bopperegionale en provinsjale. Fierder moat der ynvestearre wurde yn goeie kursussen en opliedingen.

Probleem

Undersiker Sjoerd IJdema fan Partoer seit dat leechletterens foar hieltyd mear minsken in probleem wurdt. ''Vroeger konden mensen die moeite hadden met lezen zichzelf lang redden, maar tegenwoordig wordt het ze steeds lastiger gemaakt. Zo vinden laaggeletterden het lastig om bijsluiters van medicijnen te lezen en ze hebben bijvoorbeeld moeite met de digitale aanvraag van voorzieningen in het kader van de WMO. Ook stellen werkgevers steeds hogere eisen.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)