Kollum: ''Olympysk weikrûperke boartsjen''

08 sep 2016 - 08:25

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''Fryslân hat in grutte kâns om him ynternasjonaal op de kaart te setten. Wat is it gefal? Der binne de saneamde krimpregio’s, dêr’t aanst gjin hûn mear wennet. No moatte der gjin rêdingsplannen mear foar oantúgd wurde, lit Holwert mar oan see komme, mar as der oare doarpen leech reitsje soenen, moai gewurde litte. It moaiste soe wêze dat se ek noch earne oan de earder wolris ferriden 11 stêderûte lizze, dat ferkeapet noch makliker. En fierder hoe je net safolle te dwaan. Want de wrâld is sa idioat wurden dat leechsteande doarpen brûkt wurde foar wedstriden weikrûperke boartsjen. Foar folwoeksen, wol te ferstean, dat moat der efteroan sein wurde.

Minsken dy’t op in leeftiid wêze moatte soenen om harren folle ferstân te hawwen. Ik lies it en tocht dat it ien april wie, mar it wie moandei 5 septimber en it stie yn de Volkskrant, in ferslach fan it WK festoppertsje boartsjen yn in spoekdoarp yn Itaalje. Der stie sels in foto by fan in dielnimmer dy’t efter in pak strie ferstoppe lei. Fan in kilometer ôf te sjen, mar dat makket net út. Dat nivo fan sport bedriuwen binne we oanbelange, en it slimste moat noch komme.

Se wolle it yn Japan yn 2020 olympysk as testsport mooglik meitsje. Ja, jo hearre it goed. Aanst kinne jo in gouden plak winne mei weikrûperke boartsjen. No bin ik wol tige benijd of en hoe’t je je dêr foar kwalifisearje kinne, want dat liket my in drege saak om te beoardieljen. Wa kin it bêste út it sicht ferdwine efter in striepak. Ik ferwachtsje trainingsskema’s fan oeren yn de sportskoalle, mei gewichten sjouwen en psychologyske begelieding om de superatleten op it fereaske olympyske nivo te krijen. Jim ha wol troch dat ik it wat synysk sis, mar it is wol echt wier. Weikrûperke boartsjen is foar bern en kriminelen dy’t net pakt wurde wolle, mar in sport? Nee.

Mar jo moatte altyd posityf wêze en yn kânsen tinke, dus hupsakee. Dit iepenet fansels Olympyske doarren foar blikspuit mei ferlof, pakkertsje, knikkerje yn meardere foarmen lykas kûltsjeknikkerje, want dat liket op golf, knikkerje op tegels dy’t net hielendal egaal fluorre binne, dat soenen eardere learlingen fan de School met de Bijbel út Ketlik goed behearskje moatte, want dat tegelplein wei net al te flak, toudûnsje mei begeliedend sjongen fan berneferskes der by en sa binne der noch wol wat foarbylden.

Bygelyks it Olympysk toernoai bolknakken of oare grouwe sigaren smoke efter in fytsehok dat nei eigen ynsjoch fan de organisaasje ûntwurpen wurde mei. Maksimale leeftiid fan de dielnimmers is by dizze sport in jier as tolve, want oars binne de bylden fan bleke kopkes dy’t hast smoare yn in hoastbui net ‘leuk’ genôch om live sjen te litten. Je soenen ek tinke kinne oan ilestiken sjitte, dan leafst fan dy moaie brune ilestiken dy’t de postrinners brûke. Dêr kinne je ek in kattepûl fan meitsje, mar dat is dan wer in oar Olympysk ûnderdiel. In nije âlde fariant op bôgesjitten. Dus, der binne sa in rige nije sporten te betinken. En as ideale trainingslokaasjes foar hast al dizze sporten binne in stik as wat útstoarne krimpdoarpen tige geskikt. Mei wat gelok stiet der ek noch in ferlitten âld skoalle, dêr’t je it gers even tusken de tegels wei klauwe moatte, mar dan kin it wol oangean. Knikkerje, bliksem.

It is dat is sa yn en yn tryst is, Olympysk festoppertsje boartsjen, oars soenen je der hast om gnize.'' 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)