Noch gjin beslút oer stipe foar nij swimbad yn Drachten

07 sep 2016 - 22:58

De stimmen staakten woansdei yn Provinsjale Steaten oer in plan om de gemeente Smellingerlân te stypjen by de oanlis fan nij topsportswimbad fan 50 meter yn Drachten. PvdA en GrienLinks fregen Deputearre Steaten yn in moasje om de gemeente te helpen by it bouwen fan in nij swimbad fan Olympyske ôfmjittingen.

Deputearre Michiel Schrier, sels fan Drachten, hat wol sympaty foar de swimbadambysjes, mar sei der gelyk by dat hy der gjin jild foar hat.

Provinsjale Steaten sille op 28 septimber op 'e nij stimme oer de swimbadmoasje. As alle steateleden der dan binne, wurdt de moasje nei alle gedachten fersmiten.

Lobby

Tjeerd van Bekkum en Jos van der Horst fan gemeente Smellingerlân hawwe ferline wike op de steatemerk drok lobbyd foar de swimbadplannen. Se seine dêrby dat it Drachtster swimbad it iennichste swimbad fan Olympyske ôfmjittingen yn Noard-Nederlân is en dêrom ek in soad swimtalint út Grinslân en Drinte lûkt.

Minder jild

As de provinsje ree is om in soad jild te ynvestearjen yn in iisbaan, wêrom dan net yn in swimbad. Schrier wiisde der yn syn beäntwurding ek op dat grutte wedstriidswimbaden yn de praktyk dreech te eksploitearjen binne. Hy wol dêrom ek graach witte hoe't de gemeente dêr tsjinoan sjocht.

Schrier wiisde der fierder op dat de boaiem fan de Nuon-jildskatkist sa stadichoan yn sicht komt. Ynstânsjes en ek gemeenten yn Fryslân moatte der dêrom rekken mei hâlde dat de provinsje de kommende jierren minder jild beskikber hat foar gruttere projekten as de ôfrûne perioade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)