Museum Belvédère krijt 50.000 euro stipe fan provinsje

Provinsjale Steaten hawwe woansdeitejûn mei grutte mearderheid besletten om museum Belvédère yn Oranjewâld te stypjen mei 50.000 euro. De steaten reagearren dêrmei op in brânbrief fan it museumbestjoer. It museum tarret hurd yn op it eigen fermogen en soe sûnder subsydzje de doarren slute moatte. Neffens deputearre Poepjes jout de stipe fan 50.000 euro it museum wat lucht om ta te wurkjen nei in mear strukturele oplossing.
Foarsitter Evert-Jan Rotshuizen fan Museum Belvédère hie eins hope op mear stipe fan de provinsje.
It museum foar moderne keunst komt elk jier sa'n twa ton tekoart. In heale ton is wolkom, mar lost it probleem fan it museum net op.
Om tafel
Poepjes wol op koarte termyn mei it museumbestjoer om tafel om te praten oer mooglike oplossingen foar it museum. De provinsje rekkenet der op dat njonken de provinsje ek de gemeente Hearrenfean it museum stypje sil. It bestjoer fan it museum sil nije wike prate oer de situaasje.
Yn provinsjale steaten diene D66 en PvdA in foarstel om mear jild út te lûken foar Belvédère, mar dêr wie gjin mearderheid foar.