Voedselbank yn Ljouwert wurdt ferboud

08 sep 2016 - 06:00
  • Twa kear yn 'e wike kinne de klanten pakketten ophelje

De Voedselbank yn Ljouwert sil flink ferbouwe. Dat moat om foldwaan te kinnen oan de easken fan de Voedsel- en Warenautoriteit. Foar frijwilligers en klanten is it lykwols ek in flinke opstekker.

Klanten moatte no bûten lang yn 'e rige stean foar in itenspakket. Dat hoecht aanst net mear, want der komt in wachtromte. Trochdat it gebou effisjinter yndield wurdt, kinne de frijwilligers makliker wurkje. Sponsoren en frijwilligers stypje de Voedselbank om it foar mekoar te krijen. De ferbouwing giet oer twa wiken los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)