Helmholt en Brandsma gripe neist deipriis yn Vlist

Fierljeppers Bart Helmholt en Nard Brandsma hawwe neist de deipriis grepen by de tredde wedstriid foar de nasjonale kompetysje yn Vlist. Burgumer Helmholt waard fiifde mei in sprong fan 19.24 meter. Brandsma fan It Heidenskip waard fjirde mei 19.70 meter. De winner fan de deititel wie Erwin Timmerarends. Hy sprong nei 20.43 meter. It twadde plak wie foar Jaco de Groot dy't nei 20.07 meter ljepte. It tredde plak wie foar Rian Baas (19.90 meter).
De beslissing yn it einklassemint foar de nasjonale kompetysje falt kommende sneon.
Yn Burgum wurdt sneon de fjirde en lêste wedstriid sprongen. Bart Helmholt stiet boppe-oan yn it klassemint. Dêrefter stiet Nard Brandsma. Troch de wedstriid yn Vlist is it klassemint no wat mear yn elkoar skood. Jaco de Groot en Erwin Timmerarends stean op it tredde en fjirde plak, ticht efter Helmholt en Brandsma. Dizze top fjouwer sil sneon nei alle gedachten stride om de einoerwinning yn it klassemint.
Froulju
Dymphie van Rooijen gie der by de froulju fan troch mei de deiwinst. Sy sprong yn de finale nei 15.93 meter. Twad waard Wendy Helmes yn 15.66 meter. It tredde plak wie foar Kimberly Engelhard (13.70 meter).
Junioaren
By de junioaren sprong Jan Teade Nauta fan Drylts it fierst. Hy kaam ta 18.26 meter yn de finale. It twadde plak wie foar plakgenoat Bobby Zwaagman. Hy ljepte 17.94 meter. Freark Kramer fan It Heidenskip waard tredde. Hy sprong 17.03 meter.
Jonges en famkes
Reinier Overbeek wûn de wedstriid by de jonges mei in ôfstân fan 17.58 meter. It twadde plak wie foar Wietse Nauta mei 17.01 meter. Bas van Leeuwen waard tredde (16.86 meter).
By de famkes gie de deiwinst nei Fabiënne Overbeek. Sy ljepte 14.80 meter. Demi Groothedde (14.43 meter) en Joriene Baas (13.16) waarden twadde en tredde.