Kuorbalferiening LDODK ferkeapet stikjes keunstgers

Kuorbalferiening LDODK fan De Gordyk ferkeapet stikjes fan harren nije keunstgersfjild. It is in ludike aksje, wêrmei't de klup ekstra jild ophelje wol. Bedriuwen of partikulieren kinne ien of mear fjouwerkante meters fan it keunstgers keapje. Sa wurde se eigener fan dat stikje en helpe se LDODK oan ekstra jild.
De keapers hoege net yn te sitten oer it ûnderhâld fan harren stikje, dat wurdt gewoan troch de klup dien. Foarsitter Gouke de Vries hopet dat der mei de aksje sa'n 5000 euro ophelle wurdt.
"It giet al aardich hurd mei de ferkeap," sa seit De Vries. "Benammen de plakjes rûnom de koer en by de middenstip binne populêr." Al it hiele jier hat de klup aksjes op tou set om ekstra jild op te heljen.
Dizze simmer hat LDODK twa nije keunstgersfjilden krigen. De oanlis fan de nije fjilden makket ûnderdiel út fan in ferhuzing. De Gordykster kuorballers bliuwe op Sportpark Koartsweagen, mar de fjilden lizze op in oar plak. Dy binne ferpleatst nei in stik grûn njonken it swimbad en de sporthal. Neffens foarsitter De Vries is der no noch mear sprake fan in topsportklimaat.