Ekstra gearkomste oer mooglike gaswinning by Nij Beets

07 sep 2016 - 21:16
  • Protest by gemeentehûs Beetstersweach

De gemeenteried fan Opsterlân hat moandei in ekstra gearkomste oer de mooglike gaswinning by Nij Beets. Opsterlands Belang hie op de ekstra riedsgearkomste oantrune, om't dy partij fynt dat de ried him útsprekke moat oer de saak. Tiisdei nimt it kolleezje fan Opsterlân in beslút oer wol of gjin proefboarringen by Nij Beets.

Woansdei hat der in petear west tusken delegaasjes fan pleatslik belang, de aksjegroep fan omwenners en wethâlder Piet van Dijk fan Opsterlân. 

Neffens Van Dijk wie it in 'ynformatyf en konstruktyf' petear. Mear woe er der net oer sizze. Hy lit witte dat it kolleezje harren beslút tiisdei mei basearje sil op it petear mei de minsken út doarp. Boppedat wurde de sinjalen dy't de gemeenteried moandei jout, ek meinaam yn it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)