Fytser wol oerstekke en wurdt skept troch auto

07 sep 2016 - 20:35

In fytser is woansdei ferwûne rekke doe't er op de Ds. Kingwei op It Hearrenfean skept waard troch in auto. It slachtoffer is mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De fytser woe de dyk oerstekke, mar waard troch de auto oanriden. Hy belâne dêrtroch inkelde meters fierder op it asfalt. De automobiliste kaam mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)