Op de foto mei akteur Loek Peters foar it goede doel

Penoza-akteur Loek Peters hat woansdeitejûn in swimtraining folge yn swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Hy die dit as tank foar in wetsuit dy't it swimbad him jûn hat om te brûken. Mei it wetsuit docht Peters kommende snein mei oan de Amsterdam City Swim om jild op te heljen foar de bestriding fan de spiersykte ALS.
Peters die in oantal wiken lyn in oprop op Twitter dat er in wetsuit socht foar de Amsterdam City Swim. De Kûpe reagearre dat se dit wol sponsorje woene. As tank kaam Peters dus nei Bûtenpost foar de swimles.
Njonken de swimtraining koene fans mei Peters op de foto foar twa euro. De opbringst fan de jûn giet ek nei de striid tsjin ALS.