Soarch kin miljoenen besparje mei sels itensiede

Soarchorganisaasjes yn Nederlân kinne miljoenen euro's besparje op iten. Dat docht bliken út in proef dy't earder dit jier hâlden is by fjirtjin soarchorganisaasjes yn Fryslân. Dy proef is sa suksesfol dat de oanpak no lanlik in ferfolch krijt, ûnder de namme 'Duurzaam en Gezond aan tafel'.
De kearn is dat der op de ynstelling sels wer farsk en duorsum itensean wurdt. Bewenners fernimme dat en fine it iten lekkerder. Dêrtroch wurdt der ek minder fuortsmiten. Rûchwei soe it 50.000 euro de ynstelling besparje kinne.
De lanlike stichting Diverzio giet no de boer op om mear ynstellingen sa fier te krijen dat sy de oanpak oernimme. Ien fan de ynstellingen dêr't de proef hâlden is, wie mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. Dêr wurdt altiten al farsk iten sean.