Ynwenners It Hearrenfean meitsje plan foar iepenbiere romte

Gemeente Hearrenfean wol mei ynwenners fan de wyk De Greiden in plan ûntwikkelje foar de iepenbiere romte yn de wyk. Der wurdt troch lotsjen in bewennersgroep gearstald dy't de rezjy hat oer it ûntwikkeljen fan it plan. De gemeente sil de groep fan advys foarsjen en stypje.
De manier wêrop it plan ta stân komt is in eksperimint. It idee komt út it Hearrenfeans manifest 'Eigen Kracht' fan ein 2014. Nije wike wurd it plan foarlein oan de ried en dêrnei wurdt der mei úteinset.
"Wie kunnen beter met elkaar een plan maken hoe die ruimte ingericht moet worden dan de wijkbewoners zelf?", merkt wethâlder Jelle Zoetendal op oer de nije wurkwize. "Wij willen hen het voortouw geven bij het bedenken van de eisen en behoeften waaraan hun wijk moet voldoen, om je er ook buitenshuis prettig te kunnen bewegen en mensen te ontmoeten."