UPDATE: Ungelokken op A6, dyk oan beide kanten frijjûn

07 sep 2016 - 16:00

De gaos op de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer is foarby. De dyk is oan beide kanten wer frijjûn. Earder wie de sneldyk yn ferbân mei twa ûngelokken yn beide rjochtingen ôfsletten.

Op de dyk rjochting De Jouwer botsten woansdeitemiddei fiif auto's opinoar. In oantal ynsittenden is dêrby ferwûne rekke. Ek rjochting De Lemmer barde in ûngelok. Hjirby binne twa minsken ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)