Blue energyprojekt Redstack finalist foar Nasjonaal Ikoan

07 sep 2016 - 15:32

It blue energyprojekt fan Redstack út Snits is ien fan de tsien finalisten foar de ferkiezing ta Nasjonaal Ikoan fan 2016. De twajierlikse ferkiezing is bedoeld foar baanbrekkende, ynnovative technologyen op it mêd fan enerzjy-, iten- en wetterfoarsjenningen. De finalisten hawwe harren sels woansdei presintearre op it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Mei blue energy wurdt enerzjy helle út de wikselwurking tusken sâlt en swiet wetter. Dit wurdt op de Ofslútdyk al tapast. Yn oktober wurdt bekend wa't wûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)