Fleantúch yn Iselmar is Vickers Wellington út Poalen

07 sep 2016 - 14:44

It stiet no fêst dat it fleantúch, dat op dit stuit by in grutte bergingsoperaasje út de Iselmar helle wurdt, de R1322 Vickers Wellington is, fan Poalske komôf. It fleantúch mei in folslein Poalske bemanning waard yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 delsketten boppe de Iselmar.

It fleantúch wie ûnderweis fan Ingelân nei Bremen, mar waard op de hinnereis delsketten troch in Dútske nachtjager. Der binne op it plak fan de berging ferskate saken fûn dy't liede ta de identifikaasje. Sa is der in ûnderdiel fûn mei it nûmer R1322.

Stoflike resten

Ek lei der in koptelefoan mei de namme fan in Poalsk bemanningslid. Der binne boppedat stoflike resten fan de bemanning fûn, mar dêr wurde noch gjin útspraken oer dien. Dy stoflike resten wurde oerbrocht nei Soesterberg, dêr't se ûndersocht wurde troch de bergings- en identifikaasjetsjinst fan de loftmacht. Pas as de famylje op de hichte brocht is, wurdt mear ynformaasje jûn oer de identiteit fan de bemanning.

Demontaazje bommen

De fjouwer bommen dy't fûn binne, wurde tongersdeitemiddei demontearre troch de Eksplosiven Oprommingstsjinst. Nije wike wurde se dan nei de fêste wâl ferfierd, dêr't se bûten de gemeente De Fryske Marren ta ûntploffing brocht wurde.

Nei alle gedachten sil op 19 septimber in Lancaster bommewerper oer de bergingslokaasje fleane as earbetoan oan de omkommen Poalske bemanning fan de Vickers Wellington.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)