Wetterskip siket gearwurking mei Brabân foar slibferwurking

Wetterskip Fryslân
Slibverwerking Noord-Brabant út Moerdijk sil tenei it slib fan Wetterskip Fryslân ferwurkje. It giet om 63.000 ton slib. Dit bliuwt oer nei de suvering fan ôffalwetter yn de 28 suveringsynstallaasjes yn Fryslân.
It slib wurdt sammele op It Hearrenfean. Dêr wurdt it wetter der foar in part út helle wêrnei't de saneamde slibkoeken op transport nei Moerdijk gean. Op dat plak wurdt it slib ferbrând.