Gemeente ynvestearret 5 miljoen euro yn skoallen Damwâld

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De gemeente Dantumadiel wol 5 miljoen euro ynvestearje yn nijbou fan de trije basisskoallen yn Damwâld. De twa kristlike basisskoallen De Fontein en De Bron en de iepenbiere J. Botkeskoalle komme ûnder ien dak yn in nij gebou oan de Badhúswei. Twa fan de trije skoallen binne no nammentlik ta oan nijbou.
De skoalbestjoeren joegen earder al oan bliid te wêzen mei dit inisjatyf. Yn de besteande gebouwen is gjin romte foar ûnderwiisfernijing. Dêrneist wolle de skoallen graach gearwurkje mei de berne-opfang.