Renovearre tsjerke fan Hegebeintum wurdt weriepene

De grutte opknapbeurt fan de tsjerke yn Hegebeintum is klear. Woansdei is de weriepening. Der is in jier wurke oan de restauraasje fan de toer en de tsjerke. Foaral de opknapbeurt fan de toer is opmerklik, want om it fierder fersakjen fan de toer tsjin te gean, is der in kompleet nij betonnen fundamint oanlein.
De toer is no op in ûndergrûnske tafel fan beton pleatst. Dy tafel hat fyftjin poaten fan tolve meter lang, dy't yn de grûn boarre binne.
Gerard Bakker fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken hat it oer in hichtepunt yn it 46-jierrich bestean fan de stichting.