Skylge had noed oer beskerming fan huzen tsjin it wetter

07 sep 2016 - 12:15

Der is politike ûnrêst ûntstien op Skylge oer de beskerming fan Skylge-West tsjin benammen de Waadsee. Ea is ôfpraat dat de gemeente Skylge hjirfoar net ferantwurdlik is en wurdt, mar sa as it der no hinne leit, wurde sa'n 40 huzen oan de Willem Barentszkade net beskerme.

De kâns dat de huzen skea oprinne is ien kear yn de 100 jier. De skea soe dan wol oprinne kinne ta 30 miljoen euro. Earder is konkludearre dat it oanlizzen fan in soarte kearing yngewikkeld en te djoer wêze soe, mar der binne mear opsjes.

De kwestje is aktueel omdat no fêstlein wurdt hoe't de wetterkearingen op de eilannen krekt rinne. Op inisjatyf fan riedslid Gossen Bos fan Plaatselijk Belang Terschelling fynt de Skylger polityk dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hjiroer by it Ryk oan 'e bel lûke moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)