Eaststellingwerf wol 500-jierrich jubileum wiidweidich fiere

07 sep 2016 - 12:08
  • Gemeente Eaststellingwerf

De gemeente Eaststellingwerf bestiet yn 2017 500 jier en pakt kommend jier septimber út mei alderhande festiviteiten. De gemeente wol dêr 250.000 euro foar frijmeitsje. Yn gearwurking mei ynwenners, frijwilligers, ûndernimmers en dosinten hat de gemeente in plan fan oanpak makke.

It is neffens boargemaster Harry Oosterman net de bedoeling dat de gemeente sels saken betinkt, mar de plannen om by it jubileum stil te stean moatte fan de ynwenners komme. De gemeenteried praat op 27 septimber oer it foarstel fan it kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)