Doarpskrante De Tweeling hat te min kopij en hâldt op

07 sep 2016 - 11:20

Noch ien kear en dan komt der nei tritich jier in ein oan de doarpskrante fan Gerkeskleaster-Strobos. It lêste nûmer fan 'De Tweeling' ferskynt oan de ein fan dizze moanne. De redaksje hâldt der mei op, no't der hieltyd minder kopij binnenkomt.

De lêste moannen wie it sels dramatysk minder, yn de eagen fan de redaksje. Yn alle gefallen te min om der noch in fatsoenlike doarpskrante fan meitsje te kinnen. No't bekend is dat it ophâldt, hopet de redaksje op genôch kopij om der in moaie lêste útjefte mei te foljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)